Home » The Phantom op’e Harkema – it stik
The Phantom op'e Harkema
Jaar
2025
Regisseur
Theo Smedes
Aantal
6 voorstellingen
Frysk
The Phantom op ‘e Harkemsa is in ferneamde romantyske trageedzje skreaun troch Gaston Leroux yn 1910. It ferhaal spilet him ôf yn de 19e iuw yn de Paryske Opera en draait om de mysterieuze ” Phantom “, in maskere man dy’t ferburgen libbet yn de katakomben fan it operagebou.
Christine Daaé, in sjongeres yn de Paryske Opera, wurdt op in dei ûntdutsen troch in mysterieuze stim dy’t har begeliedt en sjongles jout. Se leaut dat dit har ‘ muzykingel ‘ is, stjoerd troch har ferstoarne heit.
Yn werklikheid is dizze stim ôfkomstich fan de Phantom, dy’t fereale is op ha. Hy wol har stim perfeksjonearje. De Phantom, dy’t him altyd ferburgen hâldt fanwege syn mismakke gesicht, wurdt hieltyd mear obsedearre troch Christine. Hy besiket har te ferlieden om by him te bliuwen en jout har in haadrol yn ien fan syn opera’s. Underwilens werkent Christine har jeugdfreon Raoul, dy’t no in rike graaf is. De twa wurde fereale.
De Phantom, dy’t himsels as in meunster sjocht en Christine as syn iennichste kâns op leafde, wurdt jaloersk op Raoul. Hy ûntfiert Christine en nimt har mei nei syn ûndergrûnske skûlplak, in labyrint ûnder de opera. Hy twingt har om by him te bliuwen, mar se is ferskuord tusken har meilijen mei de Phantom en har leafde foar Raoul.
Yn de klimaks fan it ferhaal konfrontearret Raoul de Phantom om Christine te rêden. Uteinlik smeket Christine de Phantom om begrutsjen en toant him in foarm fan leafde troch him te tútsjen, nettsjinsteande syn mismakke gesicht.
Rekke troch har tagedienens, lit de Phantom har gean en ferdwynt, syn hert brutsen. Syn lichem wurdt lnea fûn. Hy bliuwt in legindarysk figuer yn de opera.
Tema’s:
It ferhaal ferkent tema’s as leafde, obsesje, skientme en ôfwizing. De Phantom is in tragysk figuer dy’t de dualiteit tusken goed en kwea yn ien persoan fertsjintwurdiget.
Nederlands
The Phantom op ‘e Harkema is een beroemde romantische tragedie geschreven door Gaston Leroux in 1910. Het verhaal speelt zich af in de 19e eeuw in de Parijse Opera en draait om de mysterieuze “Phantom”, een gemaskerde man die verborgen leeft in de catacomben van het operagebouw.
Christine Daaé, een zangeres in de Parijse Opera, wordt op een dag ontdekt door een mysterieuze stem die haar begeleidt en zangles geeft. Zij gelooft dat dit haar “muziekengel” is, gestuurd door haar overleden vader. In werkelijkheid is de stem afkomstig van de Phantom, die verliefd op haar is en haar stem wil perfectioneren.
De Phantom, die zich altijd verborgen houdt vanwege zijn mismaakte gezicht, wordt steeds meer geobsedeerd door Christine. Hij probeert haar te verleiden bij hem te blijven en geeft haar een hoofdrol in één van zijn opera’s. Ondertussen herkent Christine haar jeugdvriend Raoul, die nu een rijke graaf is. De twee worden verliefd.
De Phantom, die zichzelf als een monster ziet en Christine als zijn enige kans op liefde, wordt jaloers op Raoul. Hij ontvoert Christine en neemt haar mee naar zijn ondergrondse schuilplaats, een labyrint onder de opera. Hij dwingt haar bij hem te blijven, maar zij is verscheurd tussen haar medelijden met de Phantom en haar liefde voor Raoul.
In de climax van het verhaal confronteert Raoul de Phantom Christine te redden. Uiteindelijk smeekt Christine de Phantom om medelijden en toont hem een vorm van liefde door hem te kussen, ondanks zijn mismaakte gezicht. Geraakt door haar genegenheid, laat de Phantom hen gaan en verdwijnt, zijn hart is gebroken. Zijn lichaam wordt nooit gevonden. Hij blijft een legendarisch figuur in de opera.
Thema’s:
Het verhaal verkent thema’s als liefde, obsessie, schoonheid en afwijzing. De Phantom is een tragisch figuur, die de dualiteit tussen goed en kwaad in één persoon vertegenwoordigt.
Lokaasje
It Iepenloftspul fan De Harkema fynt plak op de prachtige lokaasje fan Iepenloftmuseum De Spitkeet.