Nei de oprop yn oktober foar de Phantom-audysjes wiene wy bliid ferrast troch it tal oanmeldings, dy wiene oerweldigjend!
De audysjes hawwe yn novimber west, wat in ferrassings, wat in talint en wat in entûsiasme! Quote auditant: “in rol yn de Phantom hat altyd in dream fan my west”. Quote Theo: “twa dagen audysjes fol passy, talint en tawijing, wat in erfaring”
No is it oan regisseur Theo Smedes en syn team om in kar te meitsjen, in moaie mar ek in drege taak. Wy sjogge út nei it ferfolch! Mar….wy binne der noch net mei allinne spilers.. Wy hawwe noch in soad frijwilligers nedich foar in folslein sukses.
Mochten jo in helpende hân biede wolle of kinne, nim dan kontakt op mei Tieke, tillefoannûmer 06 – 20 43 31 02.
Bestjoer Iepenloftspul De Harkema