Wy hawwe in hiel moai jier efter de rêch as Iepenloftspul De Harkema. Ein 2023 mochten we ús stik bekend meitsje, boargemaster Oebele Brouwer die de ûntbleating.
Wyls is it bestjoer hielendal op elkoar ynspile en is der in goede gearwurking mei de regisseur en syn assistinte, der is sels in sangcoach oan it team taheakke. We hawwe hiel suksesfolle audysje-wykeinen efter de rêch en de rollen binne wyls ferdield. En der is sels al in begjin makke mei de bou fan it dekor.
Wy hearre in soad positive en entûsjaste reaksjes, net allinne út it doarp wei, mar ek fan bûten Harkema. Ferrassend en dêrom krije wy der noch mear sin oan! Nei de yndrukwekkende en swingende stikken fan de ôfrûne jierren no De Phantom! Foar no hiel even rest, yn jannewaris pakke we de tried wer op, ein jannewaris foar it earst repetearje! Der leit in prachtich jier foar ús…..en we nimme jim fansels ek oankommend jier wer mei nei alle ûntwikkelingen!
Foar no in hiele fijne jierwiksel en oan’t takom jier!
Bestjoer Iepenloftspul De Harkema.