Eye Wijkstra

Jaar

2005

Regisseur

Tineke Broers

Aantal

8 voorstellingen

Doezum/Gruttegast, 18 jannewaris 1929.

Yn de iere moarn op dizze kâlde winterdei fermoardet Eije Wykstra fjouwer plysjemannen. It wêrom fan dit drama sil nea hielendal dúdlik wurde….. mar elts hat syn eigen ynterpretaasje fan dit freeslike drama, dêr’t in hiel soad minskelibbens generaasjes lang troch beynfloede binne,

Wie it Eije’s obsesje foar de troude frou Aaltsje, dy’t him moardzjen die…, syn grutte tsjinsin tsjin it wettelik gesach, syn drang nei frijheid… of syn grutte belangstelling foar spiritisme en occulte saken….. of wie it dochs de duvel yn heechst eigen persoan……de skiednis fertelt in soad feiten, mar de djipperlizzende fragen bliuwe ûnbeantwurde.

Aaltsje liet har seis bern yn de steek om by Eije wêze te kinnen…. seit men,mar sit ek dêr net in djipperlizzende oorsaak efter?

Of wie it dochs dy net út te lizzen passie tusken Eije en Aaltsje… dat gefoel dat se beide net tsjinhâlde koene….It antwurd leit yn it ferline……

Júst it feit dat it sa’n ferskriklik ferhaal is en it feit dat nimmen wit wat him dêr no krekt ôfspile hat makket dat it hyltiid op ‘e nij ferteld wurdt en jout romte ta ynterpretaasje….…. Mar dan noch bliuwt it altyd in ynterpretaasje fan de ferteller…..

De Harkema/Burgum

Jannewaris 2005