Home » Iepenloftspullen » Dunsjende Wiis
8 voorstellingen
De Stichting Iepenloftspul Harkema sil yn septimber 2015 it stik ‘Dûnsjende wiis’ oer it fuotljocht bringe.
It stik is in troch regisseur Tineke Broers bewurke ferhaal, mei dûns en (live)musyk. De foarstellings sille wer plakfine op it Temapark De Spitkeet op ‘e Harkema.
It ferhaal
Yn de simmer fan 1963 giet it gesin Huisman foar it earst sûnt jierren mei mekoar op fekânsje nei it Eilânpark op Skylge. Heit Klaas is húsarts en hy is mei syn frou Maaike en syn dochters Famke en Lyske útnoege troch baas Max fan it park.
Famke komt op in jûn terjochte yn de personielsromte, wêr’t omraak dûnse wurdt yn in styl dêr’t se ferlegen fan wurdt. Se hat lykwols grutte bewûndering foar dûnsleraar Sjonnie en syn dûnspartner Patricia.
Wylst ober Roel syn bêst docht Lyske te fersieren, besiket Chris, de pakesizzer fan Max, it mei Famke. As hy en Famke op in jûn yn de keuken wat iten helje sille, sjocht Famke dêr Patricia op ‘e grûn sitten. Se is bot oerstjoer…..
Famke hellet Sjonnie én har heit derby en komt dêrmei sels yn in lêstige situaasje terjochte, mar belibbet tagelyk de simmer fan har libben!