Home » Iepenloftspullen » De Oerbliuwers
8 voorstellingen
De noardlike provinsjes binne leechhelle. Alles konsintrearret him yn ’e Rânestêd en alle minsken moatte dêr hinne te wenjen. Ek dy út De Harkema. Mar Moai Aal wol dat net. Se hat de dream om in duorsume mienskip te kreëarjen, wêr’t eltsenien gelyk is en dy’t ûnôfhinklik is. Se hat har mem Beitske en har broer Geale meilutsen yn har aventoer.
De mienskip ‘Nij Harkema’ fan Moai Aal set him nei wenjen yn it natuergebiet en docht it goed. Wittenskippers en ûndersikers komme út ’e Rânestêd om de mienskip te bestudearjen en de hannel florearret wylst tige. Moai Aal is tefreden. Sa is it goed, mear hoecht it net te wêzen. Mar de Harkemasters en oare Friezen dy’t harren by de mienskip oansletten ha, fine dat se noch wol wat útwreidzje kinne. Troch begearichheid en jaloerskens komme der skuorkes yn ’e mienskip.
Nobach hat lykwols syn eigen ideaal: hy wol de eigner fan it hotel wurde. Hy besiket alle froulju dy’t yn it doarp op besite komme te fersieren, mar troch syn lichaamlike gebreken hat er gjin sukses.
Sikke Benedictus hat ek syn geheimen; hy brouwt alderhande middeltsjes met de krûden út syn grientetún, hoewol’t se net allegear bedoeld binne as ‘genês’middel… De doarpelingen binne sljocht nei syn drankjes en gershoppers, ek al witte se net krekt wat se allegear trochslokke. Geale hat syn nocht fan it primitivisme, boppedat fielt er him fernedere troch Moai Aal en har rjochterhân Saakje Fluwiel. Hy besiket op alderlei wizen om it jild fan mem Beitske yn hannen te krijen en Nij Harkema te ferlitten.
Ieme Side komt op besite mei Roosje en Alma Elmink, dy’t se ûnderweis troffen ha: neaken yn in beam mei in blomke yn it gat. Se is oerfallen, mar wit net troch wa. Sa gau as har dat slagget, giet se werom it bosk yn, mar it iennichste dat se dêr fynt is in gouden bûshorloazje. Op Bûke Pistoal hat de besite út de Rânestêd ek in ûnferwachte útwurking. Einlings binne der minsken dy’t ynteresse hawwe foar him en syn skilderijen. Grutte Gels besiket de frede te bewarjen, mar is te sêftaardich om tsjin Geale en Nobach op te kinnen. Hy organisearret it transport nei de Rânestêd. Omdat de Westereinders geregeldwei besykje om harren te oerfallen, wurde de rûtes fan it transport geheim holden.
Nettsjinsteande it geheimhâlden fan de rûte, wurdt it transport oerfallen troch de Westereinders. Lykwols, omdat der ek Grinzer wylden by binne, reitsje se slaande deilis mei elkoar. Moai Aal en Saakje binne poerrazen; der moat ferrie yn it spul wêze. Lammertom Lyksidich wurdt troch de Sjef fan de Westereinders nei Moai Aal tastjoerd om frede te sluten. De iennichste betingst is dat Sjef Alma kriget yn ruil foar Roosje en Beitske, dy’t se ier yn ’e moarn ûntfierd hawwe. Lammertom is ûnder de yndruk fan Moai Aal en wol har graach ferliede. Wannear’t dan úteinlik de Sjef ferskynt, smyt Moai Aal de hiele boel derby del. Har ideale mienskip bestiet net langer, of hat miskien wol noait bestien…
Untwikkeling en foarútgong binne net te kearen, it kin net oars as misgean omdat alles wat groeit in kearpunt hat.