Simke Kloosterman

It stik

De Stifting Iepenloftspul Harkema sil yn septimber 2011 by De Spitkeet yn Harkema it libbensferhaal fan de Fryske skriuwster Simke Kloosterman oer it fuotljocht bringe. Simke waard op 25 novimber 1876 berne yn Twizel. Dér is se nei har dea op 5 desimber 1938 ek begroeven. Simke skreau yn 1921 de earste Fryske Roman: "De Hoara's fan de Hastings", dat ek bewurke waard ta in Iepenloftspul.

It stik is skreaun troch Baukje van Hijum út Ryptsjerk. Sy skreau trije jier lyn ek it suksesfolle 'Tabak! 'oer it libben fan musikant Durk Tabak. It idee om oer Simke Kloosterman's libben, en bynammen oer har syktocht nei leafde en frijhyd, in stik te meitsjen komt fan regisseur Tineke Broers út Burgum. Yn de tarieding hawwe skriuwster en regisseur help hân fan Gerda van der Wijk út Feanwalden, dy't de lêste jierren troch Fryslân reizge mei in lêzing oer Simke's libben. De musyk yn de foarstelling wurdt lykas by Eije Wykstra (2005) en Tabak (2008) makke en útfierd troch Nanne Kalma en Ankie van der Meer fan Burgum.

Tineke Broers wurdt yn har regy bystien troch Rita Wijnsma fan Bûtenpost. De bedoeling is om eltse trije jier in Iepenloftspul oer it fuotljocht te bringen. Dêrby wol de Stifting Iepenloftspul de Harkema elts de mooglikheid jaan yn de bûtenloft toaniel te spyljen, en it gebrûk fan ús Fryske taal stimulearje en befoarderje troch middel fan folkstoaniel. 'Simke' wurdt opfierd op 13 (première), 16, 17, 20 en 23 september 2011 op it terrein fan Themapark De Spitkeet op 'e Harkema.

Simke, in Frysk fanke

As Sido Ydeman de Simke Kloostermanpriis wint omdat hy it moaiste berneboek skreaun hat, dûkt hy op ynternet yn Simke's libbensferhaal. Hy rekket alhiel yn har besnijing en wol graach witte wa't Simke Kloosterman, Fryslâns earste romanskriuwster, no echt wie..., wêrom waard se dy't se wurden is? Wat en wa foarmen mei har karakter? Wat dreau har? Wêr wie se nei op syk? Leafde? Frijheid? Of dochs beide? Geandewei Sido's syktocht nei Simke's libben ûntstiet der in bysûndere freonskip, dy't de taskôger meinimt nei Simke's siel.

Simke, een Fries meisje

Als Sido Ydeman de Simke Kloostermanprijs wint omdat hij het mooiste kinderboek heeft geschreven, duikt hij via internet in Simke's levensverhaal. Hij raakt helemaal in haar ban en wil graag weten wie Simke Kloosterman, Frieslands eerste romanschrijfster, nu werkelijk was.

Waarom werd ze zoals ze geworden is? Wat en wie vormden mee haar karakter? Wat dreef haar? Waar is ze naar op zoek? Liefde? Vrijheid? Of toch beide? Gaandeweg Sido's zoektocht naar Simke's leven ontstaat er een bijzondere vriendschap, die de toeschouwer meeneemt naar Simke's ziel.

Meer oer Simke