It stik

It stik beskriuwt it libbensferhaal fan Durk Tabak, musykmaat fan Eije Wykstra. Hy waard yn 1902 berne yn it gesin fan Jehannes en Antsje Tabak op De Bulten by Harkema, as neikommerke.

Durk wie net in maklik jonkje. Syn mem ferpopke him behoarlik en koe him net de baas. Syn heit wie krekt it tsjinoerstelde. Durk waard ferskate kearen oppakt en moatst nei de tuchtskoalle. Hy mocht hiel graach sjonge en koe prachtig tekenje. Hy keas úteindlik foar in libben mei musyk en froulju, mar woe him net bine. Hy wie ek net in maklike man; fan it iene op it oare momint koe hy omslaan. ‘Nee’ koe hy net ferneare.

Yn 1930 stuts hy by in caféruzje yn Drachten Jan van der Meulen dea en belâne yn ‘e finzenis fan Ljouwert. Yn 1946 waard Durk wer frij man en kaam yn ‘e kost by in famylje yn Stynsgea. Dat soe himsels en Grytsje Groenland úteinlik needlottich wurde. Op 16 september 1949 makke Durk oan harren beide libbens in ein.

It stik is yn opdracht fan de Stifting Iepenloftspul De Harkema skreaun troch Baukje van Hijum fan Ryptsjerk.

Meer oer Durk Tabak