Figuranten gezocht

Figuranten (mooglik mei hynder) socht foar it Iepenloftspul ‘De Oerbliuwers’.

De tarieding is al yn folle gong, mar we binne der noch net. Wy sykje dy!
Hast der altyd al fan dreamd om mei te dwaan oan in iepenloftspul mei of sûnder dyn eigen hynder? Lit dizze kâns dan net foarby gean! Iepenloftspul De Harkema siket foar septimber dit jier figuranten dy’t, mooglik mei in eigen hynder, in wichtige rol spylje wolle yn it nije stik ‘De Oerbliuwers’.

Wat freegje we fan dy? Entûsjasme, ynset en – hiel belangryk ast mei dyn eigen trou hynder komst – in goede bân tusken dy en dyn hynder. Akteartalint is fan herte wolkom, mar net in eask. Regisseur Ypy Zysling en skriuwer Gerrit Breteler sille dy alle tips jaan dy’t nedich binne. Dyn hynder moat it lykwols al fijn fine om oare hynders om him hinne te hawwen en it moat rêstich bliuwe by de drokte fan in protte minsken en by in soad ljocht en lûd. Wat krigest dêr foar werom? In ûnferjitlike ûnderfining en in protte wille mei in grutte ploech fan minsken dy’t allegear itselde doel ha. In prachtich nij iepenloftspul delsette yn De Harkema,  mei ferskate akteurs en hynders yn de haadrol.

Alle talinten yn De Harkema en omjouwing mei of sûnder hynder dy’t entûsjast wurden binne, kinne har no oanmelde foar de ynformaasjebyienkomst op sneon 24 maart o.s. fan 11.00 ôf oant 13.30 oere. Do krigest dêr in antwurd op al dyn mooglik fragen! Oanmelde ferplichtet dy fansels ta neat.

Oanmelde kin fia info@iepenloftspuldeharkema.nl of it it formulier rjochts op dizze side.

Figuranten (eventueel met paard) gezocht voor het Iepenloftspul ‘De Oerbliuwers’.

De voorbereidingen zijn al in volle gang, maar we zijn er nog niet. Wij zoeken jou!
Altijd al gedroomd om mee toen in een Iepenloftspul samen met of zonder jouw eigen paard? Laat deze kans dan niet lopen! Iepenloftspul De Harkema zoekt voor september dit jaar figuranten die eventueel met hun eigen paard een belangrijke rol willen spelen in het nieuwe stuk ‘De Oerbliuwers’.

Wat vragen we van jou? Enthousiasme, inzet en heel belangrijk als je met je trouwe viervoeter komt, een goede band tussen jou en je paard, acteertalent is van harte welkom, maar geen vereiste. Regisseur Ypy Zysling en schrijver Gerrit Breteler zullen je voorzien van alle tips die nodig zijn. Je paard moet het echter wel fijn vinden om andere paarden om zich heen te hebben en hij blijft rustig met veel mensen en geluid en licht om zich heen. Wat krijg je ervoor terug; een onvergetelijke ervaring met veel plezier in een groep mensen die allemaal hetzelfde doel nastreven. Een prachtig nieuw Iepenloftspul met diverse acteurs en paarden in de hoofdrol neerzetten in Harkema.

Alle talenten in Harkema en omgeving met of zonder paard die enthousiast zijn geworden, meld je dan nu aan voor de informatiebijeenkomst op zaterdag 24 maart a.s. vanaf 11 tot 13.30 uur. Je kunt dan al je vragen stellen en zal uitleg worden gegeven, aanmelden voor deze bijeenkomst verplicht je natuurlijk tot niets.

Aanmelden kan via info@iepenloftspuldeharkema.nl of het formulier aan de rechterkant van deze pagina.
Locatie bijeenkomst is het oude gymlokaal in Harkema (Nijkamp 3 in Harkema)

Figuranten gezocht