Dûnsjende Wiis

Dûnsjende wiis

De Stichting Iepenloftspul Harkema sil yn septimber 2015 it stik 'Dûnsjende wiis' oer it fuotljocht bringe.

It stik is in troch regisseur Tineke Broers bewurke ferhaal, mei dûns en (live)musyk. De foarstellings sille wer plakfine op it Temapark De Spitkeet op 'e Harkema.

It ferhaal

Yn de simmer fan 1963 giet it gesin Huisman foar it earst sûnt jierren mei mekoar op fekânsje nei it Eilânpark op Skylge. Heit Klaas is húsarts en hy is mei syn frou Maaike en syn dochters Famke en Lyske útnoege troch baas Max fan it park.

Famke komt op in jûn terjochte yn de personielsromte, wêr’t omraak dûnse wurdt yn in styl dêr’t se ferlegen fan wurdt. Se hat lykwols grutte bewûndering foar dûnsleraar Sjonnie en syn dûnspartner Patricia.

Wylst ober Roel syn bêst docht Lyske te fersieren, besiket Chris, de pakesizzer fan Max, it mei Famke. As hy en Famke op in jûn yn de keuken wat iten helje sille, sjocht Famke dêr Patricia op ‘e grûn sitten. Se is bot oerstjoer…..

Famke hellet Sjonnie én har heit derby en komt dêrmei sels yn in lêstige situaasje terjochte, mar belibbet tagelyk de simmer fan har libben!


Bestel kaarten   Klik hjir foar de útfieringen data

Faak stelde fragen

Wannear is de foarstelling?
Sjoch hjirboppe foar de data fan de foarstellings en de eventuele reservejûnen.
Hoe kom ik oan kaarten?
De kaartferkeap fynt online plak fanôf 15 juny fia deze link
Wat as it min waar is?
Foar de foarstellings dy't fanwege min waar net trochgean kinne, binne ferfangende jûnen reservearre. Sjoch boppe oan dizze side foar mear ynformaasje.